Taalontwikkeling

De taalontwikkeling begint al bij de geboorte: het praten tegen baby’s in allerlei toonaarden, gevuld met allerlei gevoelens, zorgt dat ze taal associëren met iets prettigs, in contact zijn. De woorden die we gebruiken hebben eerst nog geen cognitieve betekenis voor een kind, maar wel een gevoelsbetekenis.

Bij peuters benoemen we wat we doen. We ondersteunen liedjes en verhalen met gebaren en mimiek. Onze lichaamstaal sluit dus aan op wat we zeggen. Dat zorgt voor duidelijkheid. Voorlees- en prentenboekjes zijn ook een belangrijke ondersteuning, samen met rollenspelletjes.

Belangrijk is dat het kind taal associeert met positieve aandacht. We zorgen dat datgene wat we zeggen de aandacht trekt van het kind, omdat het de moeite waard is om naar te luisteren, qua toon en/of inhoud.

Bij het stellen van grenzen, het aansturen of corrigeren letten we erop dat we:
–       duidelijk zijn in onze boodschap;
–       op de juiste toon spreken;
–       de juiste hoeveelheid woorden gebruiken;
–       rekening houden met het selecterend gehoor van kinderen naar hun aard,
leeftijd/ontwikkeling en ervaring.

Meertaligheid in onze kindercentra

De kindercentra van TIKO zijn in Fryslân  gevestigd. Daarom vinden wij het belangrijk om zowel de Nederlandse als de Friese taal actief als voertaal aan te bieden in onze kindercentra.
In Fryslân heeft iedereen met minstens twee talen te maken: het Nederlands en het Fries. Jonge kinderen komen via ouders, broertjes en zusjes, vriendjes en vriendinnetjes met deze talen, en misschien met nog meer talen, in aanraking.

Meertalig opgroeien heeft meerdere voordelen. Meertalige kinderen:

  • zijn taalgevoeliger, zodat zij later gemakkelijker nieuwe talen leren;
  • ontwikkelen een groter werkgeheugen;
  • leren gemiddeld eerder lezen (doordat het abstracte denkvermogen bij meertalige kinderen gemiddeld beter ontwikkeld is).

We doen het volgende om deze voordelen zo goed mogelijk te benutten:

  • consequent taalgebruik;
  • tweetaligheid met een beredeneerd taalaanbod in zowel het Fries als het Nederlands;
  • het uitdragen van de meerwaarde van meertaligheid naar kinderen en ouders.

Binnen onze organisatie werken zowel Nederlands- als Friestalige pedagogisch medewerksters. Wij vinden een open en laagdrempelige communicatie met onze ouders/ verzorgers belangrijk en spreken hen daarom zo veel mogelijk in de gewenste voertaal (Nederlands of Fries) aan.

We bieden het Fries actief en op een natuurlijke manier aan door het:

  • voeren van (groeps- en individuele) gesprekjes in het Fries;
  • voorlezen van Friese boekjes;
  • zingen van Friese liedjes;
  • luisteren naar Friese verhaaltjes en liedjes/cd’s;
  • gebruik van het Fries als voertaal.

Door het aanbieden van zowel het Nederlands als het Fries in onze kindercentra komen kinderen al vroeg met beide talen in aanraking. Zo leren zo dat de beide talen gelijk zijn en naast elkaar bestaan.

Taalûntwikkeling

De taalûntwikkeling set al útein by de berte: it praten tsjin poppen op ferskate toanen, folle mei allegearre gefoelens, soarget dat sy taal assosjearje mei wat nofliks, it yn kontakt wêzen. De wurden dy’t wy brûke, hawwe earst noch gjin kognitive betsjutting foar in bern, mar wol in gefoelsbetsjutting.

By pjutten beneame wy wat wy dogge. Wy stypje ferskes en ferhalen mei gebearten en mimyk. Us lichemstaal slút dus oan op wat wy sizze. Dat soarget foar dúdlikheid. Foarlês- en printeboekjes en rollespultsjes binne ek in belangrike stipe.

Belangryk is dat it bern taal assosjearret mei positive oandacht. Wy soargje dat itjinge dat wy sizze de oandacht fan it bern lûkt, om’t it de muoite wurdich is om nei te harkjen, kwa toan en/of ynhâld.

By it stellen fan grinzen, it oanstjoeren of korrizjearjen lette wy derop dat wy:
–       dúdlik binne yn ús boadskip;
–       op de goede toan prate;
–       de goede hoemannichte wurden brûke;
–       rekken hâlde mei it selektearjend gehoar fan bern neffens harren aard, âldens, ûntwikkeling en ûnderfining.

Meartaligens yn ús bernesintra

De bernesintra fan TIKO binne yn Fryslân fêstige. Dêrom fine wy it belangryk om sawol de Nederlânske as de Fryske taal aktyf as fiertaal oan te bieden yn ús bernesintra.

Yn Fryslân hat elkenien mei op syn minst twa talen te meitsjen: it Nederlânsk en it Frysk. Jonge bern komme troch harren âlders, bruorkes en suskes, freontsjes en freondintsjes mei dy talen, en miskien noch mei mear talen, yn oanrekking.

Meartalich opgroeien hat meardere foardielen. Meartalige bern:

  • binne taalgefoeliger, sadat sy letter makliker nije talen leare;
  • ûntwikkelje in grutter wurkûnthâld;
  • leare gemiddeld earder lêzen (trochdat it abstrakte tinkfermogen by meartalige bern gemiddeld better ûntwikkele is).

Wy dogge it folgjende om dy foardielen sa goed mooglik te benutten:

  • konsekwint taalgebrûk;
  • twataligens mei in beredenearre taaloanbod yn sawol it Frysk as it Nederlânsk;
  • it útdragen fan ’e mearwearde fan meartaligens nei bern en âlders ta.

Binnen ús organisaasje wurkje sawol Nederlânsk- as Frysktalige pedagogysk meiwurkers. Wy fine in iepen en leechdrompelige kommunikaasje mei ús âlders / fersoargers belangryk en sprekke harren dêrom sa folle mooglik yn ’e taal oan dêr’t sy de foarkar oan jouwe (Nederlânsk of Frysk).

Wy biede it Frysk aktyf en op in natuerlike wize oan troch it:

  • fieren fan (groeps- en yndividuele) petearkes yn it Frysk;
  • foarlêzen fan Frysktalige boekjes;
  • sjongen fan Frysktalige ferskes;
  • harkjen nei Frysktalige ferhaaltsjes en ferskes/cd’s;
  • it brûken fan it Frysk as fiertaal.

Troch it oanbieden fan sawol it Nederlânsk as it Frysk yn ús bernesintra komme bern al betiid mei beide talen yn oanrekking. Sa leare sy dat de beide talen gelyk binne en neistinoar besteane.